Iwan en Remco de besten by de welpen jongens A

By de welpen jongens wie de opjefte de earste wedstryden noch net grut genoch foar in A-klasse. Hjoed feroare dat! Fjouwer twatallen sieten yn ien poule. Allegear in kear tsjin inoar, dan blykt wol wa’t de sterksten binne!

De earste omloop gie flot. De partij tusken Jesse Greidanus en Brent Jesse van Beem en Iwan Hiddinga en Remco Post waard mei 5–1 en 6–0 wun troch Iwan en Remco. Yn it oare perk keatsten Nick van der Walt en Tjitte Reitsma tsjin Daan Harkema en Jelvin Kaper. Daan en Jelvin wunen disse partij mei 5–2 en 6–2. Yn de twadde omloop keatsten de winners fan de earste wedstryd tsjin de ferliezers fan de oare wedstryd. Jesse en Brent Jesse dy’t de earste omloop 5-1 ferlern hienen wunen de twadde partij mei 5–1 en 6–0. Iwan en Remco gienen wol foar in twadde oerwinning. Sy wunen mei 5–2 en 6–0 fan Daan en Jelvin. Alles wie dus noch mooglik! Yn de letste poulewedstryden lieten Jesse en Brent Jesse sjen waarm draait te wezen. Sy wunen mei 5–1 en 6–0 fan Nick en Tjitte. By de oare wedstryd dienen Daan en Jelvin der alles oan om ek de letste wedstryd te winnen. In priis soe dermei hiel tichtby komme. Iwan en Remco wienen hjoed echter it sterkste twatal, dus sy wunen disse wedstryd mei 5–5 en 6–2. De útslach fan hjoed wie dertroch as folgt: 1e: partoer 2 mei Iwan Hiddinga (Sint Annaparochie) en Remco Post (Sexbierum) 21 earsten foar 2e: partoer 1 mei Jesse Greidanus (Winsum) en Brent Jesse van Beem (Dronryp 15 earsten foar 3e: partoer 4 mei Daan Harkema (Spannum) en Jelvin Kaper (Sint Annaparochie) 13 earsten foar 4e: partoer 3 mei Nick van der Walt (Sexbierum) en Tjitte Reitsma (Baard) 6 earsten foar In flotte en leuke keatserij. It waar wie sa best as wat. Moarns in lyts snitterke, mar foar de rest moai droech en in lekker temperatuurke derby. Hiel leuk, oar jier binne de jonges wer tige wolkom!

Geplaatst op 22 May 2016